m@rgryt

m@rgryt

donderdag 18 februari 2016

De deikoersen fan Remco - Bart Kingma

De deikoersen fan Remco - Bart Kingma.
In moai nij C-boek foar de jeugd. It is bekend fan de tv-searje "De koers" dy't yn 'e hjerst fan 2015 op de televyzje te sjen wie.
It boek hat in relaasje mei de skoaltelevyzjesearje fan Omrop Fryslân.
Yn 'e koers hat Remco in belangryk plak, yn De deikoersen fan Remco komt syn echte ferhaal oan it ljocht.

Remco Heeringa is 14 jier. Hy wol profesjoneel hurdfytser wurde. Hy hat it talint, hy hâldt fan trainen en is hartstikke serieus yn de sport. Mar dan gebeurt der in slim ûngelok en liket Remco's dream yn reek op te gean. Wat moat hy no? Hurd wurkje om wer hielendal better te wurden. Hoopje dat it wer hielendal goed komme kin? Of is it better om net mear te tinken oan de fyts en him te rjochtsjen op skoalle en in gewoan libben? Dat is de fraach dêr't Remco foar komt te stean.

Leuk boek foar sawol jongens as famkes. Foaral sporters sille it in leuk boek fine. Hiel gaatlik foar de meartalige skoallen!

2016-5

Geen opmerkingen:

Het laatste nieuws van de Johan Cruyff Foundation

Het laatste nieuws van de Johan Cruyff Foundation
en word donateur .....

Wat maakt de Johan Cruyff Foundation allemaal mogelijk?

Wat maakt de Johan Cruyff Foundation allemaal mogelijk?
een aangepaste racefiets ....