m@rgryt

m@rgryt

vrijdag 4 maart 2016

Auck Peanstra

Foar myn oplieding foar it Bibleteekwurk hat Auck tiidens de presentaasje fan myn einopdracht, de dei dat Boekstart yn de bibletheek fan Dronryp lansjearre waard, hiel fijn foarlêzen fan Tomke oan pjutten en beukers.
Derbei wie Tomke der't de bern mei op 'e foto koene. It wie tige slagge. Ik hie hast gjin budget, mar Auck kaam foarlêzen foar in blomke! Sa leaf fan har ... Hiel bysûnder! Tige tank Auck! Margriet

Altyd warber foar It Fryske Berneboek. Dat wie Auck Peanstra, skriuwster fan berneboeken, romans en oar wurk. Sy ferstoar op moandei 29 febrewaris.
Auck skreau net allinne ferhalen foar lyts en grut, toanielstikken, lietteksten en gedichten, se hold ek lêzings, brocht besites oan skoallen, skreau foar it Tomke projekt, wurke mei oan de Fryske taalmetoade Studio F en gean sa mar troch.
Sûnt 1993 kaam alle jierren wol in (berne)boek fan har út. Har debút wie Melle moat in bril ha. Mar wat ha in protte bern ek genoaten fan Fertelle fan Jelle, Keutels by de kofje, Alles foar in sint, Grapkemakkers, De boel op stelten, om mar in pear te neamen.

Yn 2000 skreau Auck Peanstra it Aksjeboek foar bern yn de Berneboeketiid foar de Stichting It Fryske Boek: Kattekwea en bargetriennen. Yn 2001 wurke se mei ferskate oaren mei oan it aksjeboek Trije protters op in prikje. Yn gearwurking mei Riemkje Pitstra, Geartsje Douma en Luuk Klazenga soarge se yn 2006 wer foar it Aksjeboek foar bern: Tomke yn de bistetún en yn 2010 wie it aksjeboek: Tomke ferkearsboek, dat Auck, Riemkje en Luuk mei har trijen makken.
Detektives skreau se ek. Dat die se yn gearwurking mei Anny de Jong en Jan Schotanus foar de Traveliers rige. De dielen It goud fan de aboriginals en Kantsjeboard op Kurasau binne fan har hân. 
In bysûnder boek is Yn piama de dyk oer, oer hoe’t in famke mei har demintearjende beppe omgiet. Dêr fertsjinne Auck yn 1998 de Simke Kloostermanpriis foar, dé priis foar de Fryske berne- en jeugdliteratuer. Yn itselde jier krige se foar dat boek ek de Sulveren Spjeld fan de Berneboekesjuery.
Mar ek oare útjeften fan de skriuwster waarden bekroane, Sitebuorren, myn eigen paradys bygelyks mei de Rink van der Veldepriis.

Tomke naam in wichtich plak yn it lib
ben fan Auck Peanstra yn. Meast yn gearwurking mei Riemkje Pitstra en yllustrator Luuk Klazenga, skreau sy foar dit lêsbefoarderingsprojekt foar jonge bern ferhalen, ferskes, taalspultsjes, rymkes ensfh.
By It Fryske Berneboek ynspirearre Auck elk om nei te tinken oer nije ideeën en aktiviteiten dy’t de berne- en jeugdliteratuer yn har eigen memmetaal ta stipe wêze koene. Har betsjutting foar de Fryske literatuer bliuwt.
Sjoch foar mear ynformaasje oer Auck Peanstra op www.auckpeanstra.nl en www.sirkwy.nl.
Bron; www.itfryskeberneboek.nl

Geen opmerkingen:

Het laatste nieuws van de Johan Cruyff Foundation

Het laatste nieuws van de Johan Cruyff Foundation
en word donateur .....

Wat maakt de Johan Cruyff Foundation allemaal mogelijk?

Wat maakt de Johan Cruyff Foundation allemaal mogelijk?
een aangepaste racefiets ....