Nasjonale Foarlêsdagen 2017
Skelte wol in skelter is it Frysk printeboek fan it jier 2017 yn de Nasjonale Foarlêsdagen. In oarspronklik Frysk berneboek, mei in boartlike tekst fan Joke Scheffer en fleurige yllustraasjes fan Anna Sikkes.
Foarlêze is tige wichtich. Dêrom wurde alle jierren, ein jannewaris/begjin febrewaris, spesjaal foar jonge bern de Nasjonale Foarlêsdagen organisearre.
Dy dagen hawwe as doel it foarlêzen oan bern, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen.
Rûnom yn it lân wurde aktiviteiten oerganisearre om it foarlêzen hinne. Faak begjint de perioade mei in foarlêsbrochje. Mar der wurdt fierder ek fan alles betocht. Begjin febrewaris stiet it Fryske ‘Printeboek fan it jier’, Skelte wol in skelter fan Joke Scheffer en Anna Sikkes sintraal yn de Túnmanswente (by Martenastate) te Koarnjum.

Wolle jim ek mei it Frysk printeboek fan it jier oan 'e slach? Sjoch foar tips by it menu Nasjonale foarlêsdagen. Bysûnder is dat de poëzijwike ek noch yn deselde perioade falt. Sa kinne ferhalen, gedichten en ferskes allegear oan bod komme.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten